Ryk pakt Fryske diken oan

© Omrop Fryslân
It ryk wol de rotonde fan De Jouwer takom jier oanpakke. Ek it wurk oan in akwadukt yn de N31 ûnder Harns troch en de heak om Ljouwert moatte takom jier begjinne. Dat stiet yn de begrutting foar 2012 dy't tongersdei útlekt is.
Neffens it kabinet is de oanpak fan dizze diken wichtich foar de ekonomy. Ek wol it ryk de farwegen yn Fryslân ferbetterje en de fargeul fan Harns nei Koarnwertersân útdjipje.