'Te min jild foar NE-Fryslân'

Noardeast-Fryslân kin lang net alle ambysjes wiermeitsje as de provinsje net mear as 22,5 miljoen beskikber stelt. Dat seit waarnimmend boargemaster Adema fan de gemeente Achtkarspelen. De regio sil guon saken skrasse moatte. De provinsje makke de stipe foar de sosjale en ekonomyske ûntwikkeling fan it gebiet tongersdei bekend.
De gemeenten en provinsje fine bygelyks dat der yn de regio grutte kânsen lizze foar de wettersport.