Sintrale As foar Rie fan Steat

15 sep 2011 - 15:10

De Sintrale As wurdt tongerdei behannele troch de Rie fan Steat. De oanlis fan de nije dyk Dokkum-Nyegea soarget al jierren foar ûnrêst. De provinsje tinkt sa Noardeast-Fryslân better berikber te meitsjen. Mar oaren sizze dat dêr gjin needsaak ta is. Se binne ek benaud foar oantaasting fan greidefûgelgebieten.

Foar- en tsjinstanners fan de nije dyk kinne ynsprekke by de Steatsrie. Dan giet it om saken lykas lûdsnoarmen, natuer, ferkearsfeiligens en leefberens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)