Frou (21) op Nijstêd oerfallen

15 sep 2011 - 11:44
De Nijstêd yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

In 21-jierrige frou út Ljouwert is yn de nacht fan woansdei op tongersdei mei geweld bestellen fan jild en kaaien. It slachtoffer waard op de Nijstêd oansprutsen troch twa manlju. Se waard fan de fyts treaun en beetpakt troch ien fan de twa fertochten. Hy easke jild en har húskaaien.

Doe't de frou it jild en de kaaien ûnder bedriging oerjûn hie, naaiden de manlju út. De plysje is op syk nei tsjûgen fan de berôving.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)