Tal wurkleazen nimt ta

Foto: Omrop Fryslân
Yn Fryslân binne yn augustus hast twa prosint mear wurkleazen by kaam. No sitte hjir goed 21.000 minsken sûnder wurk. Dat hat UWV Wurkbedriuw tongersdei bekend makke.
Fryslân wykt mei de nije sifers ôf fan de omlizzende provinsjes. Dêr groeide it tal wurkleazen folle minder. Yn fergelyk mei in jier ferlyn wykt Fryslân ek ôf fan Grinslân en Drinte. Dêr binne folle minder wurkleazen as yn augustus 2010, wylst dat yn Fryslân mear binne.