Provinsje helpt NE-Fryslân

Noardeast-Fryslân krijt net mear as 20 miljoen foar de ûntwikkeling fan it gebiet. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries tongersdei by de presintaasje fan de begrutting 2012. De regio hie om mear jild frege, mar krijt dat net. Tweintich miljoen euro is genôch om de regio sosjaal en ekonomysk by de tiid te krijen, fynt se.
De provinsje hat de kommende jierren 80 miljoen beskikber foar ynvestearrings.