Auto optille, man ferwûne

15 sep 2011 - 10:31

In 21-jierrige Grouster is woansdeitejûn yn it Leechlân ferwûne rekke troch in ûngelok mei in auto. Hy siet op in trekker en besocht mei de hef foarop in auto op te tillen.

Troch noch ûnbekende oarsaak bedarre de man sels ûnder de auto. Hy hie ferwûnings oan de holle en oan it liif. De man is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)