Frou (89) ferwûne by berôving
In frou fan 89 jier út Drachten is woandeitejûn om acht oere hinne yn har eigen wenplak berôve. Dêrby bruts se de heupe. De frou soe nei in reiske mei de Zonnebloem op de Burgemeester Wuytewei yn in taksy stappe. Doe kaam der in man oanfytsen dy't har omtreau. De man pakte de frou de tas ôf en naaide út.
Troch de fal bruts it slachtoffer de heupe. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje siket tsjûgen fan de berôving.