Keunstich krúspunt Lippenhuzen

Belangstellenden by ien fan de keunstwurken (foto: Omrop Fryslân, Rob Pieters)
It krúspunt De Trijehoek yn Lippenhuzen is feiliger makke mei keunst. Op it punt stiet in tal keunstwurken en ek is der in tramhokje neimakke. Doel is dat sa automobilisten útnoege wurde stadiger te riden. Neist it pleatsen fan de keunst binne ek de foarrangsbuorden fuorthelle.
Neffens wethâlder Wietze Kooistra fan Opsterlân binne de earste ûnderfinings goed. Woansdei waard it fernijde krúspunt offisjeel yn gebrûk naam.