Minister: Harns gjin seehaven

De haven fan Harns moat net de ambysje ha in seehaven wêze te wollen, lykas dy fan Den Helder en Delfsyl. Dat seit minister Schultz van Haegen yn reaksje op in oprop fan kommissaris Jorritsma oan it ryk om Harns yn it rychje mei offisjele seehavens op te nimmen. Jorritsma tinkt dat dat bedriuwen oerhelje sil har yn Harns te fêstigjen.
Neffens de minister hat Harns folle mear kânsen as haven foar de rekreaasjefeart, omdat der tefolle konkurrinsje is as it om seehavens giet.