Mishanneler frou socht

De frou dy't socht wurdt (foto: Plysje Fryslân)
De plysje siket de mishanneler fan in frou (77) út Noardwâlde. Dy waard sneontemoarn yn in winkel oan it Van der Sandeplein yn Wolvegea yn it gesicht slein troch in ûnbekende frou. Dy naaide dêrnei út.
Omdat der bewakingskamera's yn de buert hongen binne der foto's fan de dieder beskikber. Dy hat de plysje op de webside dadergezocht.nl set yn de hoop dat minsken har werkenne.