Peijnenburg mei útwreidzje

It koekefabryk fan Peijnenburg yn Sint Jânsgea mei útwreidzje. Dat hat de Ried fan Steat útmakke. Dy wiisde woansdei beswieren fan in tal omwenners tsjin de útwreiding ôf. Peijnenburg wol it fabryk mei 1500 kante meter útwreidzje omdat de fraach tanimt.
Omwenners wiene benaud foar ekstra lûds- en stankoerlêst troch de útwreiding. Neffens de Ried fan Steat foldocht Peijnenburg oan alle easken en is der gjin reden ta soarch.