Oefentún om te revalidearjen

14 sep 2011 - 15:05

Yn Dokkum is in oefentún iepene by Revalidaasje Fryslân. De pasjinten kinne dêr oefenje mei saken dy't se yn it deistich libben tsjinkomme. Dat kin fariearje fan it omgean mei de scootmobyl as je tsjin de stoeprâne opbotse oant hoe't mei in rollator by in helling opkomme.

Neist it parkoers is ek in tún oanlein. Minsken dy't revalidearje, moatte wer mei deistige saken oan de slach lykas wurkje yn de tún. Alle wiken komme 70 pasjinten yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)