Kappers ferniele bosk Flylân

De minsken dy't in fergunning krigen ha om hout te kappen yn de Flylanner bosk meitsje tefolle skea. Steatsboskbehear hat 90 minsken tastimming jûn om brânhout te kappen, mar dizze minsken ferniele no de jonge beplanting. Sa kinne der gjin nije beammen groeie yn de bosk.
Steatsboskbehear wol foarljochtingsjûnen jaan om de kappers te learen hoe't se better mei de bosk omgean kinne.