'Harns moat nei himsels sjen'

De polityk yn Harns moat ophâlde it eigen nêst te beskiten. De politisy moatte kritysk nei harsels sjen. Dat seit kommissaris fan de keninginne John Jorritsma nei oanlieding fan de politike krisis yn Harns. Ferline wike stapte wethâlder De Boer op. Hy woe net langer wurkje yn in sfear fan wantrouwen.
De provinsje grypt oant no ta net yn. De bal leit by de ried en it kolleezje. Jorritsma hat wol noed oer de sitewaasje.