Fryslân mei baas oer Waadfûns

14 sep 2011 - 10:49

Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân binne ferantwurdlik foar de goed 500 miljoen euro dy't noch yn it Waadfûns sit. De bestjoerders fan de trije provinsjes tekenen woansdei in akkoart mei minister Schultz van Haegen. Se diene dat by de Waddentoogdag yn Harns. De dei is yn 2006 foar it earst hâlden op inisjatyf fan it ryk.

Sûnt it ynstellen fan it Waadfûns komme sa'n 150 bestjoerders dy't mei it Waadgebiet te krijen ha by elkoar. Yn it Waadfûns siet 800 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)