Man pakt mei ferbeane wapens

14 sep 2011 - 10:14

De plysje hat tiisdeitenacht op It Heechsân yn Eastermar in man (44) út dat plak oanhâlden fanwege bedriging en ferbean wapenbesit. De man hie in pear kear nei de meldkeamer fan de plysje belle en syn eigen buert en de plysje bedrige. De plysje besleat dêrop om de man oan te hâlden.

By de man thús fûnen se in krúsbôge mei pylken, dolken en oare ferbeane messen. De fertochte is meinaam nei it buro. De wapens binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)