'Belutsenen Smedema sletten'

Resjersjeurs ha telefoans ôfharke en berjochten op MSN ûnderskept om achter de wierheid te kommen yn de saak Smedema. De rjochtbank yn Ljouwert behannelet woansdei de tredde dei fan dy saak. Redmar Smedema (16) ferstoar ferline jier nei slaanderij yn Club Q.
Neffens it IM wiene belutsenen sletten en woene net meiwurkje. It wie dreech om ynformaasje boppe wetter te krijen. De âlden fan de fertochten sizze dat har bern neat dien ha en hâlde har de hân boppe de holle, seit it IM.