Nij ûndersyk nei greidefûgels

Rôfbisten en fûgels dy't greidefûgels opite binne in wichtige reden wêrom't it minder giet mei dy greidefûgels. Pas as de greiden sa ynrjochte binne dat it gaadlike briedplakken opsmyt foar greidefûgels dêr't piken maklik oan iten komme kinne, hat it doel om nei rôfbisten of fûgels te sjen.
Dat is ien fan de konklúzjes út in rapport dat tiisdei oanbean is oan deputearre Kramer. It dea meitsjen fan rôffûgels is neffens it rapport en alle belanghawwenden gjin oplossing.