Ljouwert stekt jild yn Lekkum

Foto: Gemeente Ljouwert, Jacob van Essen
De gemeente Ljouwert besuniget de kommende jierren net op de doarpen. Dat waard tiisdei dúdlik by de presintaasje fan 'e doarpenota. Fan de doarpen yn de gemeente krijt Lekkum de kommende jierren it measte jild. De Buorren yn it doarp wurdt opnij ynrjochte en ek krijt it doarp in ton foar it oanpassen fan it doarpshûs.
Wethâlder Koster fynt it wichtich om goed op de doarpen te passen. Yn 2014 krijt Ljouwert der tsien doarpen by troch de gemeentlike weryndieling.