Iepen dagen basis goedkeaper

13 sep 2011 - 22:12

Definsje hat besunige op de organisaasje fan de loftmachtdagen ein dizze wike op de fleanbasis Ljouwert. Der is besocht it evenemint goedkeaper te organisearjen omdat der foars besunige wurdt op it leger. Sa wurde der militêren ûnderbrocht yn de sporthal op de basis en op kazernes yn de buert omdat soks goedkeaper is. De besikers merke hjir lykwols neat fan.

Der wurde kommende freed en sneon ûngefear 200.000 minsken ferwachte op de fleanbasis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)