Bysûndere posysje Waadeilannen

In bungalow op It Amelân
De Waadeilannen krije in bysûndere politike posysje yn Nederlân. Minister Donner hat tasein dat de Waadgemeenten de gelegenheid krije om fan te foaren mei te praten oer nije wetten, dy't mooglik negative gefolgen hawwe kinne foar de eilânnen. De minister foarmet in groepke beliedsamtners dat regelmjittich prate sil mei de Waadgemeenten.
Boargemaster Visser fan Skylge is tige te sprekken oer it berjocht út Den Haach.