Jild werom foar ID-kaart

13 sep 2011 - 15:43

De gemeente Súdwest-Fryslân jout 700 ynwenners jild werom fan de oanskafte identiteitskaart. De Hege Ried hat ferline wike besletten dat gemeenten fan 28 july ôf gjin jild mear freegje meie foar in ID-kaart. De gemeente wol sels útsykjen hokker minsken yn dy tiid in ID oanfrege hawwe. Sy krije de kommende dagen berjocht. Se hoege sels neat te dwaan om it jild werom te krijen. De kosten foar de gemeente wurde rûsd op 28.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)