Roemeenske dieven oanhâlden

13 sep 2011 - 10:46

De plysje hat yn in elektroanikasaak yn Ljouwert fjouwer Roemenen oppakt. Se wiene yn groepkes fan twa deryn gien. Op bewakingsbylden wie te sjen dat se kontakt hiene. De manlju pakten guod lykas telefoans en leine dat op oare plakken del. Dêr giene de froulju hinne mei it doel de apparaten temûk mei te nimmen yn in spesjale tas.

By it fuortgean waarden de manlju oanhâlden mei telefoans dêr't se net foar betelle hiene. De froulju binne ek oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)