Dief wol stellen klean ruilje

Winkelstrjitte Nijstêd yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
In man fan 56 jier is moandei yn Ljouwert oanhâlden omdat er stellen klean besocht te ruiljen foar jild. De man hie de klean stellen út in fytstas op de Nijstêd. In frou út Goutum hie se dêr nei de oankeap yn dien en wie doe fierder gien mei winkeljen.
Doe't se weromkaam, miste de frou de klean. Se gie werom nei winkel. Dêr besocht de fertochte krekt har stellen guod om te ruiljen foar jild. Winkelpersoniel belle de plysje. Dy hat de fertochte meinaam nei it buro.