'Ferjierring moat bliuwe'

Tjalling van der Goot (foto: Omrop Fryslân)
Advokaat Van der Goot fan kantoar Anker en Anker yn Ljouwert wol dat de ferjierring op misdieden bestean bliuwt. Minister Opstelten wol dat de ferjierring fan misdriuwen dêr't tolve of mear jier selstraf op stiet ôfskaft wurdt. Hy hat dêrfoar in foarstel by de Twadde Keamer yntsjinne. Troch moderne DNA-techniken is der no mear mooglik, neffens Opstelten.
Van der Goot warskôget foar mislieding. Sa wurde wolris DNA-spoaren fan oaren achterlitten.