Dik ferlies Jong Hearrenfean

Jong Hearrenfean/Emmen is moandeitejûn tsjin it earste ferlies oprûn. Op Sportpark Corpus Den Hoorn wie Jong FC Grins mei 4-0 dúdlik te sterk. Grins kaam yn de achtste minút op foarsprong troch David Texeira. Jong Hearrenfean koe yn it earste bedriuw noch aardich meikomme, mar nei de 2-0 fan Sicco Brouwer yn de 47e minút wie it ferset brutsen. Troch Henk Bos en Haaye Feenstra rûn de thúsploech út nei 4-0.
Beide ploegen ha no seis punten. PSV, Twente en Heracles ha njoggen út trije.