Weening nei WK Kopenhagen

12 sep 2011 - 16:07

Pieter Weening docht op snein 25 septimber mei oan it wrâldkampioenskip hurdfytsen op 'e dyk yn Kopenhagen. Hy waard moandei troch bûnscoach Leo van Vliet selektearre. Robert Gesink, Lars Boom, Bauke Mollema, Maarten Tjallingii (Rabobank), Pim Ligthart, Wout Poels, Johnny Hoogerland (Vacansoleil) en Niki Terpstra fan Quick Step binne de oare Nederlanners. Weening ried syn lêste WK yn 2005.

Lieuwe Westra wie al earder selektearre foar it WK tiidriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)