Ien miljoen falt yn Wolvegea
Op in steatslot dat ferkocht is by de Primera yn Wolvegea is dit wykein ien miljoen euro fallen. It is noch net bekend wa't de lokkige keaper is.
De Primera yn Wolvegea hat wolris faker priiswinnende lotten ferkocht. Mar heger as 250.000 euro is der nea útkeard op in lot út de winkel.