SWF wol papierleas fergaderje

12 sep 2011 - 15:04

De gemeente Súdwest-Fryslân wol tenei papierleas fergaderje. Oare gemeenten dogge dat ek al. Dêrfoar wurde 54 digitale hânkompjûters oanskaft. De saneamde tablets binne bestimd foar de riedsleden en de fêste-kommisjeleden.

De gemeente wol mei de oanskaf fan de nije hânkompjûters op papier- en kopiearkosten besparje. De ynvestearring is krapoan 50.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)