Hertôfdieling bliuwt ticht

12 sep 2011 - 14:46

De hertôfdieling fan sikehûs De Sionsberg yn Dokkum bliuwt foarearst ticht. Ferline wike hat de Ynspeksje foar de Folkssûnens besjoen oft de ôfdieling in bettere bedriuwsfiering hat. De sikehûsdireksje hie ferwachte dat de ôfdieling dêrnei wer iepen koe, mar dat is net it gefal. De ynspeksje wol de trochfierde ferbetterings earst goed bestudearje. Ein july gie de ôfdieling ticht. Der wiene twifels oer de soarch en de kommunikaasje. De hertpoly is net ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)