Guod Hylper stylkeamers ynpakt

12 sep 2011 - 14:02

Al it guod út de Hylper stylkeamers yn it Frysk Museum wurdt dizze wike ynpakt. It giet om it earste part fan de kolleksje dat yn doazen giet foar de ferhuzing nei it nije Frysk Museum op it Saailân. De stylkeamers wiene ein 19e ieu wakker populêr.

Foar de ferhuzing binne spesjale restaurateurs ynhierd. Dy moatte derfoar soargje dat lambrisearring, bedsteden en tegelwanden hiel oerkomme. Alles wurdt ek op de foto set en dokumintearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)