Bank fierder mei Jort Kelder

12 sep 2011 - 12:28

De Friesland Bank hat it kontrakt mei tv-persoanlikheid Jort Kelder mei in jier ferlingd. Dizze wike al wurde op ferskate plakken yn Fryslân nije televyzjespotsjes mei Kelder opnaam.

De bank makke ein augustus bekend dat der 12.000 nije klanten by kaam binne. Neffens de bank is in grut part fan it súkses te tankjen oan de reklamespotsjes mei Kelder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)