14e Winst Van der Bos

(Foto: argyf Henk Bootsma)
De lêste frije formaasjepartij fan it jier is snein yn Marsum wûn troch Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Dat wie harren 14e seizoensoerwinning. It partoer Van der Bos wie mei 5-1 en 6-0 te sterk foar Dirk-Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Jouke Bosje.
De lytse preemje gie nei Michiel Scheepvaart, Jacob Zagemans en Jan Sjoerd Tolsma. Yn Marsum keatsten tsien partoeren.