Prima útwinst Cambuur

11 sep 2011 - 16:23

Sportklup Cambuur hat nei fiif wedstriden noch altyd in topklassearring yn de Jupiler League. Snein waard mei tank oan in sterke Erik Bakker yn Volendam mei 4-1 wûn.

Melvin de Leeuw iepene de skoare mei syn earste Cambuurgoal. In minút letter foel de lykmakker, mar yn de 16e minút benutte Erik Bakker foar Cambuur in penalty. Yn de twadde helte stie Cambuur lang ûnder druk. Mar nei twa súksesfolle counters stie Erik Bakker twa kear op it goede plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)