SC Hearrenfean wint derby

11 sep 2011 - 15:08
Foto: www.awfoto.nl

SC Hearrenfean hat snein yn de derby fan it Noarden de earste oerwinning fan it seizoen pakt. Yn it Abe Lenstrastadion waard Grins mei 3-0 oan de kant set. Grins wie yn de earste helte betiden de bettere ploech, mar kaam troch in kopgoal fan Bas Dost yn de blessueretiid, tsjin de ferhâlding yn, op efterstân.

Grins sette nei rêst oan en It Fean krige sadwaande romte. Assaidi (úthaal)en letter Filip Djuricic koene dêrfan profitearje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)