Oerfal op Ljouwerter

11 sep 2011 - 13:16

In 32-jierrige man út Ljouwert is sneon op de Wurdumerdyk slachtoffer wurden fan in oerfal. De man waard ynhelle troch in oare man dy't him de tas fan it skouder besocht te lûken. Doe't dat net slagge, luts er oan in ketting oan de rym fan it slachtoffer. Dy bruts en dêrop naaide de oerfaller út.

It slachtoffer wist de oerfaller te pakken te krijen. In tsjûge belle de plysje. Dy hat de fertochte oanhâlden en meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)