Frou mishannele yn Grou

In 20-jierrige frou út Ljouwert is sneontenacht yn Grou mishannele. Se stie mei har freon by in jildautomaat oan de Haadwei doe't se rûzje krigen mei in groep fan sa'n 15 oare minsken. Der ûntstie fjochterij, wêrby't de frou slein en omtreaun waard. Har waard ek in gouden ketting fan de hals skuord. Dêrnei gie de groep fuort.
De slachtoffers warskôgen de plysje. Dy koe ien fan de fertochten yn in kafee oanhâlde. It giet om in man fan 24 jier út Garyp.