Warskôging foar bûsestellerij

11 sep 2011 - 12:32

De plysje warskôget winkeljend publyk foar bûsestellerij. Op It Hearrenfean en yn Drachten waarden sneon yn in koart skoftsje tiid trije minsken slachtoffer fan stellerij, wylst se oan it winkeljen wiene.

Yn alle gefallen rekken minsken in beurs kwyt mei jild, identiteitsbewizen en bankpaskes. Se hawwe allegearre oanjefte dien. De plysje ûndersiket de stellerijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)