Papier-masjee-skip te wetter

11 sep 2011 - 12:07

De tewetterlitting fan in grut skip fan papier-masjee yn Ljouwert hat snein in soad folk lutsen. Likernôch achttûzen minsken kamen op it spektakel ôf, neffens de organisaasje.

Keunstner Marten Winters hat twa jier oan it skip wurke. Hy krige dêr help by fan in soad minsken. It skip waard makke op it terrein fan de eardere finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert. It waard snein oer de finzenismuorre takele, op in djiplader set en doe nei it wetter yn de Prinsetún brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)