Dekôr teatergroep stiet wer

Foto: Sult
De premjêre fan it stik Redbad fan teatergroep Sult kin tongersdei gewoan trochgean. Manmachtich is de ôfrûne dagen op it strân by Starum wurke oan it weropbouwen fan it dekôr. Dat hie by de stoarm fan ôfrûne tiisdei grutte skea oprûn.
It dekôr bestiet út in fort, dat foar in part yn de Iselmar stiet. Dat is no swierder makke mei sânpûden. De earste repetysjes hawwe west en tiisdei folget de earste try-out.