Dillema mooglik nea keurd

11 sep 2011 - 09:39

Atlete Foekje Dillema fan Boerum hat mooglik nea in seksetest hân dy't oantoande dat se in man wie. Dat soe bliken dwaan út notulen fan de atletykuny. Dy binne fan in gearkomste in pear dagen foardat Foekje Dillema nei Frankryk soe foar in wedstryd, mar healweis nei hûs weromstjoerd waard.

Yn de notulen stiet dat Dillema wegere hie om nei de medyske keuring te gean. It bestjoer fan de atletykuny hat doe kontakt opnaam mei har, mar it is net dúdlik oft se dêrnei noch keurd is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)