ONS Snits pakt twadde winst

10 sep 2011 - 17:02

Sneonshaadklasser ONS Snits hat mei 4-2 wûn yn en tsjin Staphorst. Yn de earste helte foelen in soad doelpunten. Nei sân minuten stie it al 2-0 foar de Snitsers troch Cutrick Gonzales en Jurjen Bosch. Yn de tsiende minút skoarde de thúsploech tsjin. Nei in prachtige frije traap fan 20 meter wie it Chris de Wagt dy't yn de 30e minút de 3-1 oantekene.

Nei rêst skoarde Cutrick Gonzales syn twadde nei in moai skot. Nei de 4-2 wie de wedstriid dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)