Helmholt springt oer de 22 m

Bart Helmholt (foto: Martin de Jong)
Bart Helmholt hat sneon by it kampioenskip 'fierste ljepper' yn Amersfoort in wrâldrekôr delset. Mei in sprong fan 22,34 meter wûn er dêrmei ek de deiwedstriid. Helmholt is de earste ljepper dy't oer de 22 meter springt. Hannes Scherjon waard twad mei in sprong fan 20,86 meter.
By de froulju einige Anna Jet Leyenaar fan Snits op in tredde plak mei in sprong fan 16,31 meter. Winnares waard Dymphie van Rooijen út IJsselstein mei 16,96 meter.