10.000e besiker Fiskershúske

10 sep 2011 - 16:20

Alex en Hanneke van der Berg út Bedum wienen sneon de tsientûzenste besiker fan museum 't Fiskershúske yn Moddergat. It stel hie op besite west by in muoike yn Dokkum en ried ûnderweis werom by it museum del. Dêr krigen se in boek, frije tagong en in wykein yn in fakânsjehúske dat It Fiskerhuuske hjit. Dat húske stiet yn Wierum.

De tsientûzenste besiker wie dit jier in wike earder as ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)