Autofernielers Snits oppakt

10 sep 2011 - 14:21

De plysje yn Snits hat yn de nacht fan freed op sneon twa manlju oanhâlden foar fernielings. Tsjûgen alarmearren de plysje dat op de Harinxmakade en op de Singel manlju auto's fernielden en fytsen yn it wetter smieten.

De manlju hiene fjouwer auto's fernield, sa die bliken. De plysje fiske twa nije fytsen út it wetter. Der is proses-ferbaal tsjin de fernielers opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)