Soargen gasboarrings bliuwe

09 sep 2011 - 21:26

De rûnliedings op de boarlokaasje fan Vermillion by Waaksens by Wommels hat de soargen by omwenners net fuorthelle. Benammen oer de grûndelgong binne in soad fragen, mar ek oer it effekt op de natoer.

Vermillion Gas & Oil is op dit stuit drok dwaande mei in proefboarring nei gas. Oer in wike of seis is dat klear. Pas dan is dúdlik oft der gas yn de grûn sit en oft it rendabel is om it derút te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)