Man oppakt foar stellerij

Yn in hoarekabedriuw oan de Oude Koemarkt hie de man wat stellen
De plysje had freedtemoarn op de Trambaan op It Hearrenfean in man (25) oanhâlden op fertinking fan ferskate stellerijen. In meiwurkster fan in hoarekasaak oan de Oude Koemarkt herkende de man. Hy soe earder in beurs stellen hawwe út de saak. Troch in goeie beskriuwing koe hy oanhâlden wurde.
De plysje tinkt dat de man net allinnich op It Hearrenfean aktyf west hat. Mooglik hat hy ek op oare plakken yn de provinsje slachtoffers makke.