Tsjûgen socht oerfal PVV'er

Jelle Hiemstra
De plysje is yn it ûndersyk nei de mishanneling fan PVV-fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra en syn frou, op syk nei de bestjoerder fan in auto fan it model MPV. De auto is op de jûn fan de oerfal sjoen oan de Noardwei yn Snits. Mooglik dat de bestjoerder sjoen hat wêr't de dieders fan de mishanneling hinnegien binne.
Moandeitejûn 5 septimber waard om goed tsien oere jûns by Hiemstra oanbelle. Twa maskere mannen gienen deryn en mishannelen de bewenners.