Autobedriuw mei sinnestroom

Foto: Dirk Baron, Omrop Fryslân
By in grut autobedriuw yn Wurdum is freedtemiddei in nije bûtencarport yn gebrûk naam mei dêrop ien fan Fryslân's grutste sinne-enerzjy-skermen. De ynstallaasje is 15 by 35 meter grut. Mei de panielen wurdt stroom opwekt foar it eigen bedriuw en levering oan it stroomnet.
Fryske autobedriuwen ferkeapje net allinnich enerzjysunige auto's, se dogge ek hieltyd mear om de eigen bedriuwsferiening miljeufreonliker te meitsjen.